Steuring by Drachtsterbrêge

21 okt 2013 - 10:15
  • Foar de Drachtsterbrêge stiet in lange file

De problemen mei de slachbomen yn Ljouwert by de Drachtsterbrêge binne wer oplost. Krekt nei njoggen oere woene de slachbomen op de rydstrook dêr't it ferkear de stêd yngiet net mear omheech. Dêrtroch ûntstie in lange file en waard in omliedingsrûte ynsteld oer Goutum.

It ferkear dat Ljouwert út woe koe wol gewoan trochride.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)