Finnbogason hopet op Grikelân

Alfreð Finnbogason © Omrop Fryslân, Dirk Jan Haarsma
Hearrenfean oanfaller Alfred Finnbogason hopet op Grikelân moandeitemiddei by de lotting fan de play-offs fan syn heitelân Yslân foar in plakje op it WK yn Brazilië takom jier. Finnbogason soe it leafst net tsjin Portugal lotsje. De oare beide lannen dy't ek noch oan Yslân keppele wurde kinne binne Kroäsië en Oekraïne. Yslân is noch nea sa ticht by in plakje op it WK west. De play-offs bestiet út in twalûk.