Oerlis oer oanpak brân

De gemeente Ljouwert praat moandei mei de helpferlienende ynstânsjes dy't belutsen west hawwe by de grutte brân yn Ljouwert. Dat seit wethâlder en loko-boargemaster Andries Ekhart. Mei ûnder oare de plysje, brânwacht en de GGD wol de gemeente trochprate wat der de kommende dagen barre moat. Se wolle ek evaluearje hoe't de brân oanpakt is.
De brân begûn sneon om kertier oer fiven hinne yn in winkel oan De Kelders. Dy en in pear oare winkels en ferskate apparteminten baarnden folslein út. In 24-jierrige bewenner kaam om it libben.
It slachtoffer is sneintemiddei út it gebou helle. Hy is ûnderwilens identifisearre.