De Jouwer pakt gjin punten

20 okt 2013 - 16:09
  • Argyffoto fan De Jouwer

De Jouwer is der snein wer net yn slagge de earste punten fan it seizoen te pakken. Op eigen fjild waard mei 7-0 ferlern fan de nûmer twa De Bataven. De gasten út it Gelderske Gendt krigen de bêste kânsen yn de earste helte. Goed keeperswurk fan Zeldenthuis soarge dat de stân op 0-0 bleau.

Nei rêst brutsen De Bataven de skoare iepen. Dêrmei wie it ferset by De Jouwer brutsen, benammen doe't oanfierder Nicky Sauer fan it fjild moast mei twa kear giel. Nei de 1-0 wienen De Bataven hear en master en koenen se ienfâldich in romme winst pakke.

De Jouwer hat fersterking fûn. De ploech wurdt fersterke mei de Fin Niklas Tarvajärvi, dy't yn it ferline by SC Hearrenfean spile.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)