Helpaksje foar slachtoffers

In groep Ljouwerters is in helpaksje begûn foar de slachtoffers fan de brân fan sneontejûn ûnder de namme '058helpt'. Fia sosjale media wurde minsken oproppen om klean en skuon beskikber te stellen. Mar ek wurdt frege om laptops en mobyltsjes, sadat troffen studinten en ûndernimmers gau wer oan 'e slach kinne.
Wenningkorporaasje WoonFriesland stelt har kantoar oan de Eewal beskikber foar opslach fan it guod. Moandei begjint de ynsamling. De aksje is te folgjen op Twitter fia #058helpt en op facebook.com/058helpt058.