Plysje: gjin asbest frijkaam

© Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Der is gjin asbest frijkaam yn de omjouwing fan de grutte brân yn Ljouwert. Dat hat de plysje sneintemiddei bekend makke op in parsekonferinsje oer de brân op De Kelders. By de brân yn de histoaryske binnenstêd binne trije winkels ferlern gien en twa hawwe grutte reek- en wetterskea. Boppe de winkels sitte apparteminten.
De omjouwing is ôfsluten. De grêftswâl foar de troffen gebouwen del bliuwt ticht fanwege ynstoartingsgefaar en ynsakjen fan de kaai fanwege te folle bluswetter.