Ferkiezingskampanjes stillein

De PvdA, VVD, PAL/GrienLinks, CDA en FNP yn Ljouwert lizze de kampanjes foar de gemeenteriedsferkiezings fan 13 novimber stil. Dat dogge se út respekt foar de minsken dy't troffen binne troch de grutte brân fan sneontejûn yn de stêd. Dêrby kaam ien persoan om it libben, fiif winkels baarnden folslein út en alve apparteminten giene ferlern.
De partij fine it net passend dat se omtinken frege foar harren stânpunten by de ferkiezings. De PvdA sil yn alle gefallen in wike lang gjin aktiviteiten dwaan.