Tredde winst follybalfroulju

De follybalfroulju fan Snits hawwe sneon mei 3-0 wûn fan Dynamo Apeldoorn. Yn in spannende striid yn Apeldoorn waarden de trije sets mei minym ferskil wûn. De Snitser froulju begongen goed oan de sets, mar lieten Dynamo oan 'e ein kear op kear gefaarlik ticht weromkomme. De earste set gong mei 25-23 nei de Snitser froulju. Yn de twadde set seach de ploech fan Petra Groenland tsjin in 23-19 efterstân oan. Nei in einspurt waard ek dizze set mei 26-24 wûn. Yn de tredde set beslisten de Snitsers de wedstriid mei in 25-21 winst.
It is de tredde oerwinning op rige foar de Snitsers, dy't no mei 8 punten út 3 wedstriden op it twadde plak stean