Flyers ferliest fan Tilburch

20 okt 2013 - 11:54

De UNIS Flyers ha sneon de iishockeytopper tsjin Tilburch ferlern. Foar goed 1100 taskôgers gie de ploech fan Chris Eimers op Thialf fia de perioadestannen 0-2, 1-1 en 1-1 mei 4-2 ûnderút. Beide ploegen hienen oant dan ta ien kear ferlern en wurde mei Den Haach sjoen as titelkandidaat. Tilburch wie lykwols bysûnder effisjint yn it benutten fan de kânsen en hienen boppedat yn Ian Meierdres in keeper yn topfoarm op 'e goal. De Flyers kamen werom fan 0-3 oant 2-3 yn de lêste perioade, mar moasten doe belies jaan.

Trefwurden: 
iishockey UNIS Flyers
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)