Ljouwert: nij hockeyfjild kin

29 jan 2012 - 10:24

Op sportpark Kealledykje Súd yn Ljouwert kin in ekstra hockeyfjild oanlein wurde, sûnder dat der ekstra jild nedich is. Dat skriuwe boargemaster en wethâlders oan de gemeenteried. It kolleezje hat besifere wat de folsleine opknapbeurt fan it sportpark kostet, lykas de renovaasje fan de brêgen en it opknappen fan de hurdfytsbaan. De kosten dêrfoar falle sa bot ta, dat der wol jild oerbliuwt foar in hockeyfjild. Op dit stuit is der noch in tekoart oan romte foar de hockeyklup.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)