List troffen adressen frijjûn

20 okt 2013 - 01:31

De gemeente Ljouwert hat sneontenacht in list frijjûn fan de gebouwen dy't troffen of bedrige binne troch de brân yn de Ljouwerter binnenstêd. De brân begûn op it adres Kelders 31. Dêrnjonken waarden op de Kelders de adressen 25, 27, 29, 33 en 35a troffen.

Oan de achterkant fan De Kelders giet it om de adressen Poststrjitte 34, 34a, 34b, 36, 36a, en 38a oant en mei d. Bedrige pannen binne Minnemastrjitte 1, Poststrjitte 30, 30b, 32, 32a oant en mei c en Kelders 35 en 35a. De adressen binne publisearre ûnder foarbehâld.

Mei-inoar baarnden fiif winkelpannen en alve wenten hielendal út. It gebiet om de brân hinne is troch de gemeente ôfset. It giet om ûnder oare de Kelders, Foarstreek, Lytse Heechstrjitte, Twibaksmerk, Koermakkersstrjitte, Heerestrjitte, Poststrjitte, Minnemastrjitte en Brol.

Trefwurden: 
brân list Kelders
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)