Bewennersbyienkomst oer brân

19 okt 2013 - 23:52

De gemeente Ljouwert hâldt sneintemoarn om 11.00 oere in byienkomst foar buertbewenners oer de slimme brân yn de binnenstêd. De byienkomst is yn it WTC Hotel. Datselde hotel wurdt brûkt foar it opheinen en tydlik ûnderbringen fan buertbewenners dy't net thús sliepe kinne. Foar fragen yn ferbân mei de brân is de gemeente te berikken op tillefoannûmer 14058.

De gemeente warskôget ek foar it gefaar fan it frijkommen fan asbestdieltsjes. Buertbewenners krije dêrom it advys om doarren en ruten ticht te hâlden en ek net te fentilearjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)