Soer ferlies SC Hearrenfean

Sportklup Hearrenfean hat troch in doelpunt yn de blessueretiid ferlern fan Vitesse. Krekt foar rêst kaam Hearrenfean op 1-0 troch Finnbogason en krekt nei rêst like de wedstriid dien doe't Otigba de 2-0 binnenkopte. Fuort dêrnei kaam Vitesse werom troch Piazón. De linksbûten makke yn de 73ste minút mei in frije traap dy't as foarset bedoeld wie de lykmakker. Hearrenfean gong op syk de oerwinning.
Ziyech rekke noch de latte, mar yn blessueretiid skoarde Van Aanholt mei in ôfstânskot de winnende 2-3.