Bob de Vries rapste yn Thialf

Bob de Vries hat sneontejûn de twadde maraton om de KPN Cup wûn. Yn iisstadion Thialf wie de ynwenner fan De Haule de rapste fan in fersplintere kopgroep. Yn dy sprint waarden syn ploechmaten Alexis Contin en Arjan Stroetinga twadde en tredde. Nei de huldiging soe de útslach wer feroarje nei in protest fan nûmer fjouwer Gary Hekman tsjin de Frânsman Contin. Dy soe in oertreding makke ha. Sa waard Stroetinga twadde en Hekman tredde.
By de froulju wie opnij Irene Schouten de bêste. Foske Tamar van der Wal waard twadde, Carla Zielman tredde.