'Brân liket no ûnder kontrôle'

19 okt 2013 - 23:08

It is de brânwacht lang om let slagge om de slimme brân yn de Ljouwerter binnenstêd fan sneontejûn ûnder kontrôle te krijen. Dat seit wethâlder Andries Ekhart, dy't de ôfwêzige boargemaster Ferd Crone ferfangt. Ekhart hâldt der rekken mei dat by de brân ien buertbewenner om it libben kommen is.

It giet om in buertbewenner dy't fermist wurdt. De plysje makket him soargen om de fermiste man. Neffens de plysje is der in 'ridlike kâns', dat de man yn ien troch brân troffen pannen is.

Neffens plysjewurdfierder Paul Heidanus is de brân 'rêstiger' as earder op de jûn en liket it der op dat de brân sa njonkenlytsen ûnder kontrôle is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)