Ynstoartingsgefaar troch brân

19 okt 2013 - 21:18

De gemeente Ljouwert warskôget alle omwenjenden fan de Kelders foar ynstoartingsgefaar as gefolch fan de earnstige brân op de Kelders. Sneontejûn om 21.00 oere hinne stoarte in earste wenhûs yn de Poststrjitte, flak achter it plak fan de earste brân, yn.

Omdat it sein brân meester noch hieltiten net jûn is, wurdt der earnstich rekken mei hâlden dat der mooglik noch mear huzen ynstoarte kinne. Publyk én parse wurdt frege om ôfstân te bewarjen ta it gebiet fan de brân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)