Minnemastrjitte wurdt ûntromme

19 okt 2013 - 21:06

Fanwege de grutte brân op De Kelders yn Ljouwert wurde no ek de Minnemastrjitte en de Poststrjitte ûntromme. Neffens wethâlder Andries Ekhart giet it om inkelde tsientallen bewenners dy't har hûs út moatte. Ien dêrfan is wethâlder Isabelle Diks, dy't ek oan de Minnemastrjitte wennet. It giet om in maatregel út foarsoarch, dy't nommen wurdt omdat it fjoer noch net ûnder kontrôle is. Ek wurdt der rekken hâlden mei de fersprieding fan asbest yn it gebiet.

De measte bewenners sykje ûnderdak by freonen of famylje.

Yn de gefallen dat it nedich is, kin de plysje ûnderdak regelje. De gemeente Ljouwert is sneontejûn gewoan tillefoanysk berikber foar alle fragen dy't yn ferbân stean mei de brân. Hjirfoar kin belle wurde op tillefoannûmer 14058.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)