Brân ek yn bertehûs Mata Hari

19 okt 2013 - 19:31

De grutte brân yn it sintrum fan Ljouwert treft ek it bertehûs fan Mata Hari. Op dit stuit stean fiif pannen yn 'e brân. Dêr sitte ek apparteminten boppe. In pear minsken hawwe te folle reek binnen krige. De plysje slút net út dat der noch minsken yn de troffen pannen binne.

De brânwacht is mei in soad Fryske korpsen oanwêzich om de brân te bestriden. Dêrby is ek in heechwurker ynset en in bluskanon fan de Fleanbasis Ljouwert. Ien of mear troffen gebouwen driigje yn te stoarten, makket de plysje bekend.

No't it tsjuster is, hinget in helikopter mei skynwerper boppe de baarnende gebouwen om de brânwacht by te ljochtsjen.

Trefwurden: 
brân Mata Hari
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)