Gosse van der Meer wint Sumar

19 okt 2013 - 16:31

Gosse van der Meer hat sneontemiddei de fjildrit fan Sumar wûn. It 18-jierrige talint fan Surhuzum wie op it twa kilometer lange parkoers oppermachtich. Van der Meer wurdt begelaat troch Gretienus Gommers, de âld-wrâldkampioen by de junioaren. Bart Barkhuis fan Norg waard twadde, Henk Bos fan Drachten tredde.

De fjildrit yn Sumar wie de iepening fan it seizoen yn it Noarden. Yn totaal stean der tsien wedstriden op it programma fan de winterkompetysje. Op 22 desimber is yn Appelskea boppedat it iepen Frysk kampioenskip.

Trefwurden: 
hurdfytsen fjildriden Sumar
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)