Hemmen op tiid fit foar AZ

19 okt 2013 - 12:33

Cambuur moat it snein tsjin AZ dwaan sûnder Martijn Barto en Marlon Pereira. Beide spilers binne blessearre. Spits Michiel Hemmen hat net de hiele wike folslein meitraind, mar liket op 'e tiid fit foar de wedstriid fan snein yn Alkmaar. Oft Hemmen in hiele wedstriid spylje kin, is noch mar de fraach. Oebele Schokker hat nei alle gedachten in basisplak. Hy is dan de ferfanger fan Oliver Feldballe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)