Heit ferwûne by mishanneling

19 okt 2013 - 11:42

In man fan 33 út Noardburgum wurdt troch de plysje fertocht fan mishanneling fan syn 59-jierrige heit. Dat wie yn it hûs fan de heit yn Feanwâlden. Doe't de plysje dêr de man besocht op te pakken, kearde dy him tsjin de plysje. Dy moast dêrop pepperspray ynsette.

De fertochte soan is fêstset foar fierder ûndersyk. De heit moast him behannelje litte troch in dokter.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)