Brânwacht rukt út nei bordeel
De brânwacht is sneontemoarn útrukt nei Club 88 oan de Munnikstrjitte op It Hearrenfean. Yn it bordeel wie in brânmelding dien. By oankomst die bliken dat it om baarnend wijreek gie. De spuitgasten hoegden dêrom net yn aksje te kommen.