Aksje tsjin alkohol en drugs

Yn in tal Fryske diskoteken wurdt sneontejûn aksjefierd tsjin drugs en alkohol yn it ferkear. Mei besikers dy't noch ride moatte wurdt de ôfspraak makke dat se gjin drugs of alhokol brûke, oan de ein fan de jûn wurdt dat ek test. De aksje yn Fryslân makket diel út fan in Europeeske aksje yn it ramt fan de Nacht Zonder Ongevallen. Doel is dat mei yn totaal 100.000 jongeren in ôfspraak makke wurdt. Dat wurdt dien troch in groep jonge frijwilligers.