'Alle Fryske gemeenten by SUN'

18 okt 2013 - 19:18

Steatssiktaris Jetta Klijnsma ropt alle Fryske gemeenten op te partisipearjen yn de Stichting Urgente Noden, de SUN. Dat sei se freedtemiddei by har besite oan Ljouwert. Klijnsma is bot te sprekken oer it wurk fan de stifting, dy't minsken helpt dy't oars yn in finansjele needsitewaasje bedarje omdat se net of net op 'e tiid yn oanmerking komme foar foarsjennings. Neffens foarsitter Rimmer Mulder fan SUN dogge no 16 gemeenten mei, wêrtroch de earmoede by yndividuele gefallen goed oanpakt wurde kin.

Alle gemeenten yn Fryslân meie no noch ynwenners oanmelde by de stifting, mar dat wurdt fan 1 jannewaris ôf stopset. Fan dat momint ôf komme allinnich ynwenners fan gemeenten dy't meibetelje oan it wurk fan de stifting SUN noch yn oanmerking.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)