Earmoedbelied: ekstra jild

18 okt 2013 - 16:07

Fryske gemeenten kinne de kommende jierren rekkenje op miljoenen ekstra om de earmoed oan te pakken. Mei dat boadskip kaam steatssiktaris Jetta Kleinsma fan sosjale saken freed nei Fryslân. De gemeenten reagearje entûsjast, mar ha ek soargen omdat de wurkleazens hurd tanimt.

Earmoed stiet heech op de aginda by Klijnsma. De steatssiktaris lûkt noch dit jier lanlik 20 miljoen euro út om de earmoede te bestriden. Takom jier wurdt dat bedrach ferhege oant 80 miljoen. Yn de jierren 2015 en letter wurdt dat bedrach sels 100 miljoen yn't jier.

De steatssiktaris is goed te sprekken oer de oanpak yn de wyk Heechterp/Skieringen. Klijnsma wie freed op besite yn de wyk en prate dêr mei minsken dy't sels yn earmoede libje, mar ek mei minsken dy't oaren helpe mei problemen. De manier wêrop Ljouwert it projekt 'De kunst van het rondkomen' oanpakt, sil Klijnsma ek by oare gemeenten ûnder de oandacht bringe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)