Supporters Heracles oanholden

© ANP XTRA
De plysje hat dizze wike 24 supporters fan Heracles oanholden op fertinking fan iepenlike geweldpleging by de fuotbalwedstriid tusken Cambuur en Heracles op 14 septimber yn Ljouwert. Oan it begjin fan de wedstriid ûntstiene ûngeregeldheden doe't in groep Heracles supporters it supportersfak ferlitte woe. Doe't se tsjinholden waarden troch de befeiliging, gedroegen se har agressyf en waarden hekken fernield.
Oan de hân fan fideobylden binne 24 fertochten oanholden yn de leeftyd fan 17 oant 45 jier. Mear oanhâldings wurde net útsluten.
Fiif supporters binne de kommende trije moannen net wolkom by de wedstriden fan Heracles en moatte har yn de rêst fan elke wedstriid ferlicht melde op it plysjeburo yn harren wenplak.