Van Basten: net op 27 novimber

18 okt 2013 - 14:47
  • Marco van Basten

Trainer Marco van Basten fan SC Hearrenfean is net bliid mei it beslút fan de KNVB om de ynhelwedstriid tsjin ADO Den Haach op woansdeitemiddei 27 novimber te spyljen. De wedstriid stiet pland om 15.30 oere yn Den Haach, omdat der jûns Champions League fuotbal is. De ynheldatum is fêststeld sûnder oerlis mei SC Hearrenfean.

De ploech fan Van Basten moat dy wike trije wedstriden spylje: op sneon, woansdei en dan wer op sneon. Neffens de trainer sit hjir net genôch tiid tusken foar syn spilers om goed te werstellen.

Hearrenfean sil no yn petear mei de KNVB en ADO om in bettere ynheldei te finen. De foarkar giet út nei woansdei 4 desimber. De KNVB hat de kar foar de definitive spyldatum útsteld nei kommende moandei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)