Plysje socht Huisman yn kanaal

18 okt 2013 - 14:02

De plysje hat freedtemiddei yn it Nije Kanaal yn Ljouwert mei in boat socht nei de fermiste Marretje Huisman. De sykaksje fûn plak yn it wetter yn de buert fan winkelsintrum De Centrale. De 59-jierrige Marretje Huisman wurdt al hast twa wiken fermist. De frou is ôfset yn in grize Peugeot. Der bestie in fermoeden dat de frou mooglik by de Kanaalwei by it winkelsintrum yn it wetter riden is.

De plysje hat neat oantroffen by de sykaksje. It kanaal waard healwei de freedtemiddeis wer frijjûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)