PvdA wol ôfspraken oer Biltsk

It gemeentehûs fan It Bilt yn Sint-Anne © Omrop Fryslân
De PvdA yn Provinsjale Steaten wol witte oft de provinsje Fryslân ek ôfspraken meitsje sil oer de Biltske taal. Ynwenners fan de gemeente It Bilt meitsje har soargen dat har taal ferdwynt, as de gemeente It Bilt yn de takomst opgiet yn ien grutte gemeente yn Noardwest-Fryslân.
De PvdA wol no witte oft de provinsje in oerienkomst mei de nije gemeente slute sil oer de posysje fan it Biltsk. Sa'n oerienkomst is ek makke mei de gemeente Súdwest-Fryslân oer it Frysk.