Beneficiaalboek út 1543

Tresoar yn Ljouwert hat in Frysk beneficiaalboek út 1543. Dat is unyk, want de boeken fan alle oare gewesten binne ferdwûn. It boek is gearstald yn opdracht fan kening Karel V. Hy woe de tsjerklike eigendommen, opbringsten en kosten fan alle gewesten witte. Dat waard destiids yn in beneficiaalboek opeteken. Alle Fryske doarpen en stêden stean yn sa'n boek.
It beneficiaalboek sels is net te sjen foar publyk. De ynformaasje is sa wichtich dat de Fryske Akademy in Nederlânske oersetting makke hat.
De hjoeddeistige ferzje fan it boek is oanbean oan deputearre Sytske Poepjes.