Wurkdruk Fryske Aldi te heech

18 okt 2013 - 12:08
  • It Aldi-magazyn yn Drachten

Ek by it distribúsjesintrum en de supermerken dy't ûnder Aldi Drachten BV falle is sprake fan in te hege wurkdruk. Dat konstatearret de Arbeidsynspeksje yn in grut lanlik ûndersyk nei misstannen by it Dútske supermerkbedriuw. Neist in hege wurkdruk en yntimidaasje is der gjin goed arbo-beleid. De ynspeksje ferplichtet Aldi in plan te meitsjen om saken te ferbetterjen.

Foar fakbûn CNV binne de útkomsten fan it ûndersyk in befestiging fan saken dy't se al hiel lang fan meiwurkers hearre, mar dy't de direksje fan Aldi mar net ferbetteret.

Aldi lit yn in skriftlike ferklearring witte dat se al begûn is mei it ferbetterjen fan de saken dy't de arbeidsynspeksje oanjout. De supermerk nimt it ûndersyk serieus en wurket oan strukturele oplossings.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)