Wetter kostet patatfabryk mear

18 okt 2013 - 11:48
  • Wetter makket de patat djoerder

De ferheging fan belesting op liedingwetter kostet patatfabryk Lamb Weston yn Easterbierrum 80.000 euro yn it jier. As je nei alle produksjelokaasjes yn Nederlân sjogge, rinne de ekstra kosten op oant in heal miljoen euro. Dat seit Rinze de Vries, dy't by Lamb Weston oer enerzjyferbrûk giet.

De belestingferheging is ôfpraat yn it hjerstakkoart tusken it regear en de trije oposysjepartijen D66, ChristenUnie en SGP. Oant no ta hoegden bedriuwen allinnich oer de earste 300 kúb wetter belesting te beteljen, mar dat foardiel ferdwynt.

It fabryk yn Easterbierrum ferbrûkt alle jierren 500 miljoen liter wetter. Ien en oar betsjut net allinnich ekstra kosten, mar ek dat in plande ynvestearring yn in nije wetterbesparjende ynstallaasje gauwer werom fertsjinne wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)