Huizinga yn aksje op EK

18 okt 2013 - 10:58
  • Jenning Huizenga

Hurdfytser Jenning Huizenga út Frjentsjer moat freed as ien fan de earste Nederlanners oan de bak by it Europeesk kampioenskip baanhurdfytsen yn Apeldoarn. Huizenga docht mei oan de teampursuit, de ploege-efterfolging. De 29-jierrige hurdrider foarmet in team mei de rûtinier Tim Veldt en de jongere koereurs Nick Stopler en Dion Beukeboom.

Doel fan dit team is om úteinlik by de Olympyske Spelen yn Brazilië 2016 in medalje te pakken, mar ek freed wol Jenning Huizenga sa heech mooglik einigje.

De oare Fryske dielnimmer, Wim Stroetinga, komt letter yn aksje op de koppelkoers en puntekoers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)