Brommerdief betrape

18 okt 2013 - 10:44

In ynwenner fan Drachten is tongersdeitejûn betrape doe't er besocht om in brommer te stellen. Dat wie by in restaurant oan de Noardkade yn syn wenplak. De 46-jierrige man kaam mei in bestelbuske by it restaurant oan en besocht om de brommer yn te laden. In besiker fan it restaurant dy't dat seach, koe de man oanhâlde en oerdrage oan de plysje.

Dy hat de man fêstset foar fierder ûndersyk. Ek de twa fytsen dy't yn syn buske stienen binne meinaam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)