Nij dioksineûndersyk Harns los

18 okt 2013 - 10:35

De gemeente Harns is úteinset mei in eigen ûndersyk nei dioksine yn aaien fan boeren om de reststoffe-enerzjysintrale hinne. De partij Frisse Wind melde koartlyn dat by trettjin hobbyboeren yn it gebiet tefolle dioksine yn de aaien sit. De gemeente lit no ûndersyk dwaan by seis fan dy boeren.

It giet om boeren dy't harsels by de gemeente meld ha. Neffens de gemeente woe Frisse Wind de adressen fan de trettjin boeren net trochjaan. It gemeentlik ûndersyk wurdt ûnder oare dien troch de GGD. Dy sjocht nei de aaien, mar ek nei de grûn.

Trefwurden: 
Harns aaien dioksine
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)