'Budzjet Omrop gelykhâlde'

18 okt 2013 - 10:13

It budzjet foar Omrop Fryslân moat yn de takomst op itselde nivo bliuwe as no. Dat seit deputearre Jannewietske yn in reaksje op it beslút fan de Twadde Keamer om de besunigings op de publike Omrop mei de helte werom te bringen, fan 100 nei 50 miljoen. De besuniging op de regionale omroppen giet net troch de midden; de besuniging wurdt werombrocht fan 25 nei 17 miljoen euro.

De Vries ferwachtet dat de oannommen moasje yn de Twadde Keamer en it rapport fan de kommisje Hoekstra der foar soargje sille dat Omrop Fryslân in aparte status krijt.

De Vries hat begjin takom jier oerlis mei steatssiktaris Dekker oer Omrop Fryslân. 'De besuniging giet pas yn 2016 yn, we hawwe noch in pear jier om dit goed te regeljen', sa lit De Vries wite fanút Dublin. De Vries is dêr foar in konferinsje oer minderheidstalen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)