VVD: Spoarline oer Ofslútdyk

17 okt 2013 - 20:15

De Fryske VVD wol dat der in spoarline oanlein wurdt oer de Ofslútdyk. Dat soe neffens de partij soargje foar in bettere ferbining tusken it noarden en de rânestêd. In spoarferbining oer de Ofslútdyk soe in grutte ekonomyske ympuls wêze, soargje foar in koartere reistiid en boppedat it besteande spoar wat minder drok meitsje.

Neffens de VVD is dit it goede momint om der oer te praten om't op it stuit lanlik en regionaal neitocht wurdt oer de fernijing fan de Ofslútdyk.

Trefwurden: 
VVD Ofslútdyk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)