H'fean earder fan skulden ôf

De gemeente Hearrenfean wol folle earder ôf fan de skulden yn de algemiene reserve. De planning wie om yn de kommende tsien jier de goed 28 miljoen euro dy't de gemeente yn de min stie, ôf te lossen. Yn de nijste begruttingsplannen stiet dat dat al in pear jier earder safier wêze moat. Om dat foar elkoar te krijen siket de gemeente 8 miljoen euro yn de begrutting.
Neffens wethâlder Van der Laan is dy romte te finen sûnder ekstra besunigings. Troch de riolearring op in oare wize yn de begrutting te setten wurde der al miljoenen frijspile.