Babs Haanstra ferstoarn

© Omrop Fryslân
Yn har wenplak Boalsert is moandei âld-wethalder Babs Haanstra ferstoarn. Frou Haanstra wie yn de jierren '80 en '90 aktyf yn de PvdA yn Boalsert. Yn 1994 wie se belutsen by de oprjochting fan de lokale partij Bolswards Belang. Dêrfoar siet se yn it kolleezje fan boargemaster en wethâlders. Babs Haanstra siet fierders yn de organisaasje fan ferskate muzykeveneminten yn de Broeretsjerke yn Boalsert.
Frou Haanstra is 65 jier wurden. De begraffenis is sneon op it algemiene begraafplak yn Boalsert.