Rezjimintsdei yn Ljouwert

17 okt 2013 - 16:44

Seishûndert militêren binne tongersdeitemiddei fan de fleanbasis nei it Saailân yn Ljouwert ta marsjeard. Dêr is de rezjimintsdei hâlden fan it korps Johan Willem Friso. It korps hat in histoaryske bân mei Fryslân en der tsjinje noch hieltyd in soad Fryske militêren yn it rezjimint.

It hichtepunt fan de dei is de beëdigingsseremoanje. Der binne fjouwer medaljes en sân blauwe koarden útrikt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)