Fjoertoer Skier wurdt opknapt

De fjoertoer fan Skiermûntseach © ANP
De fjoertoerwachters fan Skiermûntseach moatte fan novimber ôf seis moanne fan de toer ôf. De toer wurdt dan renovearre en dat betsjut dat de toerwachters earne oars wurkje moatte. Rykswettersteat begjint nije wike oan de bou fan in tydlik wurkplak njonken de Noardertoer. Dêr hawwwe de fjoertoerwachters ek útsjoch op it Waad.
As alles neffens plan ferrint, moatte de fjoertoerwachters yn maaie takomend jier werom kinne nei it eigen plak.