Kaaimuorren Snits fernijd

Wâlskantmuorren yn Snits wurde fernijd © Omrop Fryslân
Yn Snits wurdt wurke oan de ferfanging fan de kaaimuorre oan de Prins Hendrikkade. De âlde muorre wie hurd oan in grutte ûnderhâldsbeurt ta. Dielen wienen fersakke en ôfbrutsen, en ankers wiene trochrotte. Yn opdracht fan de gemeente Súdwest-Fryslân takele oannimmer De Waard tongersdei de earste nije muorredielen op har plak.
De renovaasje kostet al mei al goed seis ton.