Boarnsterhim hâldt mear oer

Logo gemeente Boarnsterhim © Bewurking Omrop Fryslân
De finansjele sitewaasje fan Boarnsterhim falt oan de ein fan dit jier wat positiver út as earst tocht. De gemeente hope oan it begjin fan it jier noch 1000 euro oer te hâlden. Bliken docht bliken dat der mear as seis ton oerbliuwt. Dat betsjut dat de algemiene reserve oanfolle wurde kin.
De gemeente hie de lêste jierren flinke skulden en waard oanwiisd as 'Artikel-12-gemeente'. Dêrmei krige Boarnsterhim rjocht op miljoenen ekstra finansjele stipe fan de ryksoerheid. Op 1 jannewaris giet Boarnsterhim op yn Ljouwert en Hearrenfean.
Neffens boargemaster en wethâlders fan Boarnsterhim binne de grutste problemen, lykas efterstallich ûnderhâld, oplost.