MKB teloarsteld oer OZB-oprop

© ANP XTRA
Fan de Fryske gemeenten hawwe allinnich Achtkarspelen, Dongeradiel en Littenseradiel gehoar jûn oan in oprop fan MKB Nederlân om de ûnreplikguodbelesting te ferleegjen of op syn meast inkeld mei it ynflaasjepersintaazje te ferheegjen. De foarsitter fan de ûndernimmersklup neamt dat tige teloarstellend.
MKB Nederlân hat foar de simmer alle gemeenten oanskreaun mei it fersyk om de OZB te ferleegjen. Neffens de foarsitter fjochtsje in soad ûndernimmers op 't heden foar harren bestean. De OZB kostet harren faak hûnderten euro's yn it jier.
It mei net sa wêze dat ûndernimmers de gatten yn de gemeentelike begrutting tichtmeitsje moatte, fynt MKB Nederlân.