Nije keamers foar Hotel Ozinga

17 okt 2013 - 11:22

De ferbouwing fan Hotel Ozinga yn Snits is yn folle gong. It markante hotel wie eartiids fan de ferneamde Jikke Ozinga. Nei't sy ferstoar, hat it gebou jierrenlang leechstien. Fan 't maitiid sil it wer iepengean. Under de namme Sneker Stadsherberg sille dêr dan njoggen hotelkeamers ferhierd wurde. Gasten kinne ek ite yn it hotel.

It hotel is kocht troch de famylje Hartman-Feenstra. Trije susters sille it hotel mei-inoar eksploitearje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)