'Swimbad Harns mooglik ticht'

17 okt 2013 - 11:14
  • Swimbad yn Harns
  • It swimbad yn Harns

Swimbad 't Derde Haad yn Harns giet mooglik ticht. Boargemaster en wethâlders wolle de begrutting foar de kommende jieren klear krije. Sluting fan it swimbad soe in grutte kostenbesparring wêze.

It kontrakt mei eksploitant Optisport rint oant en mei septimber 2015. Wat dêrnei mei it swimbad bart, is ûndúdlik. Sluting soe opmerklik wêze, want it swimbad is yn 2005 útwreide mei in wedstriidbad. Dêr hat de gemeente 4,7 miljoen euro yn stutsen. De saak moat noch besprutsen wurde troch de gemeenteried.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)