Ritsma-iisbaan yn Amsterdam

17 okt 2013 - 11:03

It plan fan de Lemster âld-reedrider Rintsje Ritsma foar in tydlike iisbaan yn it Olympysk Stadion yn Amsterdam giet definityf troch. Fan 1 febrewaris oant 2 maart takom jier leit de mobile baan fan 400 meter lang yn it stadion. Der is ek romte foar in oefenbaantsje foar bern. Reedridersbûn KNSB stipet it inisjatyf fan Ritsma.

It Olympysk Stadion hat sels it NK allround en sprint tawiisd krigen. Dat soe der mei foar soargje moatte dat it reedriden in breder publyk kriget.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)