Hurde wyn, boaten farre net

17 okt 2013 - 10:06
  • Sneltsjinst Rederij Doeksen

Yn ferbân mei de ferwachte hurde wyn skrast rederij Doeksen tongersdeitemiddei trije ôffearten fan de sneltsjinst. It giet om de rappe boat fan Harns nei Flylân fan 17.15 oere. De flugge boat fan Skylge nei Flylân fan 18.10 oere en dy fan Flylân nei Harns fan 19.10 oere fart ek net. Yn stee dêrfan wurdt om 5 oere en 7 oere fearn mei de gewoane fearboat.

De ferwachting is dat it benammen yn it Waadgebiet tongersdeitemiddei in skoftsje hurd waaie sil út it westen wei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)