Kampanje ferkiezingen begûn

16 okt 2013 - 16:26

Yn de seis gemeenten dy't op 13 novimber nei de stimbus sille, is noch gjin ferkiezingskoarts. Om de ferkiezings ûnder de oandacht te bringen, binne de gemeenten Ljouwert, Boarnsterhim, Hearrenfean en de trije gemeenten fan de Friese Meren woansdei mei de kampanje begûn.

De boargemasters fan dy gemeenten draaiden op it skûtsje fan Grou in wimpel omheech. De politike partijen sille de kommende wiken de boer op moatte om de minsken nei de stimbus te krijen. Der binne tal fan debatjûnen.

Trefwurden: 
kampanje Ferkiezings
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)