Bysûnder transport yn Drachten

16 okt 2013 - 07:17

Yn Drachten is woansdei in bysûnder transport te sjen. Tweintich frachtweinen bringe lizzers foar in brêge dy't boud wurdt oer de takomstige Drachtsterfeart. De lizzers foarmje de fundearring foar it lettere brêgedek. De 20 meter lange betonnen lizzers weagje 24 ton it stik en wurde ien foar ien teplak brocht. Ferkearsregelers binne der de hiele dei by om alles yn goede banen te lieden.

De ferwachting is dat de lizzers yn de rin fan de middei allegear te plak binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)